Jawis, de tassen kinne pakt wurde!
Wat kin der mear “cool” en stoerder wêze at je mei heit en mem, pake of beppe mei trekker en in echte PIPO-wein op fakânsje gean troch Fryslân? Sels sitte jim yn de bobike at jim noch oan de lytse kant binne of oars neist dyn âlders. Mar fansels wol yn de gurdle.

Jim sitte heech en kinne sa de sleaten oan de kant fan de dyk oersjen. Nei de fakânsje is alles wat him der ôfspilet gjin geheim mear. Op kampings wêr’t jimme te plak komme is faaks in soad te dwaan. Der kin op skelters riden wurde, jim kinne de bisten fuorje of sels op ezels ride. Binne je by it wetter dan kinne je fiskje of mei in boatsje te faren of te silen. Op bepaalde kampings kinne je sels boeregolf spylje.
Sels oan boartersguod is tocht. Sjoch mar by de arranzjeminten. Hjir stiet in
echte skatkiste, en wolle je noflike langút efkes lêze doch dat dan op de sitsek.
By oankomst stiet der yn de wenwein in lekkere flesse ranja foar jim klear.









