balkon mini

rijden op trekker

ontspannen in woonwagen

kinderzitje

bedstee

Rûtes

We sitte midden yn Fryslân. Hjirwei kinne jo alle kanten weinwegwijzer
op. Jo bepale sels jo eigen rûte. Fansels kinne we ek mei jo besjen watfoar rûte jo ride wolle en hokker kampings maklik tagonklik binne.

Súdwesthoeke
Jo kinne bygelyks oernachtsje op in kamping yn Reahûs. Jo ride rjochting Boalsert of Snits sa stadichoan nei it boskrike gebied yn Gaasterlân. It marregebiet moatte jo fansels besjen.

Mid-Fryslân
It hert fan Fryslân. Troch it greidelân ridend fan doarp nei doarp priuwe jo de nostalgyske sfear yn dizze omjouwing. Tsjerketuorren wêr’t je ek sjogge. Of jo sykje de rêst op fan de marren en fearten. De natuer is hjir op syn bêst. Ferskate natuerlânskippen binne ynternasjonaal ferneamd. Derneist kinne jo nei wettersportdoarpen lykas Grou, Akkrum of Terherne. Dizze doarpen hawwe in fleurich karakter en de terraskes binne noflik sa simmerdeis.

Súdeast-Fryslân
Yn de rjochting fan ‘t Hearrenfean en Appelskea fine jo folle bosk en heide. Yn de omjouwing fan Drachten fine jo karakteristike boskwallen. Dit gebiet wurdt wol it “kûlizelânskip” neamd. At jo foar jo rêst komme is dit it plak om te wêzen. It nasjonaal park “Drents-Friese Wold” jout jo alle romte.

 

 

 

 


bedstee groot

Romme sliepplakken.

kinderzitje groot

Feilige bernesitsjes oanwêzich op ‘e trekker.

binnen groot

Untspanne yn de smûke wenwein.

rijden op trekker groot

Foar bern in fakânsje om nea te ferjitten.

balkon groot

Noflik op it balkon fan ‘e wenwein.