Wolkom op woonwagenvakantie.nl
Sjogge jo it al hielendal foar jo? Noflik yn jo eigen tempo troch de Fryske Wâlden of lâns de Staverske seedyk ride? De mooglikheid is der, ride mei trekker en wenwein. It kin no.
At jo de bagaazje ynladen hawwe en fuortride mei trekker en wenwein binne jo fuortendaliks ûntspannen. Ridend op de trekker, de wyn troch it hier en dan nei it riden jûns noflik sitte op it balkon mei in drankje en genietsje fan ‘e omjouwing. Lear Fryslân fan in oare kant kinnen.
Nostalgie en gemak
Jo hawwe it fakânsjegefoel daliks te pakken at jo ûnderweis binne. De wenwein is nijboud neffens autentike tekeningen. Der is romte foar fjouwer folwoeksen minsken yn it sliepdiel, de bedstee. De sfear yn de wenwein is nostalgysk, mar de wenwein hat wol alle gemakken fan hjoed-de-dei. Der sit in romme kuolkast
yn, in trijepits gasstel en ferljochting. Werom yn ‘e tiid mei de gemakken fan no.
Wenwein op lokaasje
Trekker 
Jo ride op in trekker dy’t maksimaal 20 km yn ’t oere ride kin. Jo meie mei dizze kombinaasje ride oer sekondearre en parallelwegen. Rûtekaarten binne oanwêzich. Der sitte bernesitsjes op en efter de bestjoerder is in bank makke. Jo binne wis in opfallende ferskining at jo troch Fryslân ride. Bern mar ek de âlden fine it in hiele ûnderfining. Op kampings ride je de trekker mei wein daliks te plak. Parkeare en genietsje.









