Trekker
Op de trekker is romte foar fiif persoanen. 
Der kinne twa persoanen op sitsjes op it spatboerd sitte en efter de bestjoerder is ek plak foar twa persoanen op in spesjaal bankje. Der kinne op beide spatboerden ek bernesitsjes (bobike) montearre wurde foar lytse bern. Sa hawwe jo de hannen frij om jo mei it riden dwaande te hâlden.
In trekkerrydbewiis is boppe de 18 jier net nedich. We freegje wol dat de hierders in autorydbewiis hawwe. Jo meie mei trekker en wein op de B- en de parallelwegen ride. Mei in gonkje fan heechút 20 km/oere ride jo ûnspannen oer de Fryske diken.
It skeakeljen is eins itselde as dat mei de auto. 
Mei it riden fan trekker en wein sille jo der rekken mei hâlde moatte dat jo de bochten rommer nimme moatte om’t der in wenwein fan sân meter efter de trekker sit. Fansels litte we jo der net sa mei fuortride en krije jo in goede begelieding en leare we jo it riden mei trekker en wenwein. Nei in kertierke witte jo net oars as hienen jo it jo hiele libben al dien.










